Hertslach, CD van Hindrik van der Meer en het Kwartettenkoor
Wij hebben veel samengewerkt met Hindrik van der Meer. Vooral bij onze activiteiten met Kleurrijk Fryslân en projecten met vluchtelingen. In de periode van de grote acties voor een generaal pardon schreef hij voor ons het lied ‘n’Genereus Pardon’. Hindrik voelt de hartslag van de tijd altijd goed aan. De afgelopen jaren maakte Hindrik een afscheidstournee door Fryslân. Van die optredens is de prachtige CD ‘Hertslach’ verschenen met 32 liederen. Hindrik schreef – uiteraard in het Frysk – een toelichting bij deze prachtige CD.
Op in pear nei, komme se allegear út de bondel “Hertslach”. Doe’t ik 80 jier waard, twa jier lyn, krige ik op inisjatyf fan it bestjoer fan it Kwartettekoar de bondel “Hertslach” oanbean. Ik soe doe ophâlde as lieder fan it koar, mar dêrnei kaam itselde bestjoer noch mei it foarstel fan in ôfskiedstoernee by de tsjerkemienskippen lâns, dy’t wy yn’e rin fan 15 jier al ris oandien hiene. Ik stimde, nei oerlis mei myn frou Beitske ta, net wittend dat fjouwer en fjirtich gemeenten ús útnoegje soene. It waard in hiel bannige, mar tagelyk ek in hiel moaie tiid. Spitich dat wy net yn in Katholike tsjerke west ha.
It Kwartettekoar is oprjochte yn 2005 mei it doel de tsjerkemienskippen yn Fryslân oan te trunen in grutter plak te jaan oan ús eigen taal. En dat dan ek mei wurk fan hjoeddeistige Fryske dichters en toandichters. It koar hat sûnt dy tiid talleaze kearen ûnderweis west. Wy brochten dêr dan benammen de nije programma’s dy’t Eppie Dam en ik yn de rin fan de jierren makken en dy’t útjûn waarden troch Intrada opit Hearrenfean. It wiene lieten ôfwiksele en yntrodusearre troch ferbinende teksten, yn liturgyën lyk as “De keunst fan it libben” en “Minsken fan’e dei”. Tidens de toernee fan hast twa jier haw ik meardere kearen in nije liturgy mei in tema makke:“It goede is sterker as’t kweade” bygelyks en “Hâld dan de lofsang geande” De measte lieten binne fan it koppel Eppie Dam en ûnderskreaune.. Dêrneist songen wy ek teksten en lieten fan oare Fryske dichters en komponisten. It die bliken in goede promoasje te wêzen foar “Hertslach”, want de earste oplage fan 2000 is al lang útferkocht.
As in hearber blyk fan myn grutte wurdearring foar de belangeleaze meiwurking oan, en de ynset foar de fjouwer en fjirtich sneinen, woe ik noch graach in cd meitsje om dy by myn ôfskied as tank oan de leden en muzikanten oan te bieden. Faak moasten dy nammentlik út alle hoeken fan de provinsje wei der moarns om 8 oere al wêze foar de tarieding op de tsjinst yn de betreffende tsjerke. Op 8 maart fan dit jier, de lêste snein fan de toernee – de middeis noch folge troch myn offisjele ôfskied – moast de cd dus klear wêze. No witte wy dat 8 maart de lêste snein wie dat der yn de tsjerken noch folop songen wurde koe. Wy ha it dus prachtich ôfslute kinnen en alle koarleden namen de cd mei nei hûs. De oare sneins wiene alle tsjerken ticht!
Dochs kamen in tal foargongers ek mei de cd yn oanrekking. Sij brûke dizze lieten foar harren tsjinsten yn dizze tiid sûnder gemeentesang: de tekst op de beamer en de muzyk troch it Kwartettekoar. Ynspirearre troch harren réaksjes betocht ik, dat de cd faaks yn de gemeenten dêr’t wy west ha, ek in goede help wêze foar de earetsjinst yn dizze tiid. En doe ha wy der noch twa hûndert fan by makke. Sa binne no lytse skyfkes ûnderweis mei lieten dy’t it Kwartettekoar oeral yn de Fryske tsjerken song.
De CD Hertslach kost € 10,00 en is te bestellen bij Wijbe Wierda in Burdaard Hoofdweg 9, 9112 HG of Wijbewierda@gmail.com. En als er een parochie een viering met deze liederen en het kwartettenkoor wil organiseren….laat het ons weten. Wij helpen graag mee!
Jan Bosman
